Ljouwerters 75 jier troud

09 jun 2010 - 14:08

It echtpear Terpstra-Slaaf wie op 22 maaie 75 jier troud. Troch in flater by de gemeente kamen woansdei pas de felisitaasjes en de blommen. Sa'n albasten houlik komt yn Nederlân mar sa'n fiif kear yn it jier foar. Boargemaster Crone en ek Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma kamen del om it echtpear te lokwinskjen. De Terpstra's binne beide 98 jier âld.

Yntusken hat de gemeente maatregels nommen sadat se it folgjende albasten echtpear net fersitte sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)