Deade man fûn yn Snits

Foto: Omrop Fryslân
Oan de Kerkhoflaan yn Snits is woansdeitemoarn in lyk oantroffen fan in man. It lichem hat dêr wierskynlik al in pear dagen lein. In tsjûge fûn it op dat plak stjonken en seach doe parten fan in lichem driuwen. It is net dúdlik oft de man troch in misdriuw om it libben kommen is.
Op dit stuit wurdt der seksje dien. De omjouwing is ôfsetten. In earste ûndersyk hat noch net útwiisd dat it om in misdriuw giet. De identiteit fan de man is ek noch net bekend.