Boat fêst yn brêge Ljouwert

09 jun 2010 - 12:10
  • It skip rekke mei it túch fêst yn de brêge (foto:Arjen Overmaat)

It ferkear yn it sintrum fan Ljouwert stie tiisdeitemoarn in skoft fêst omdat der in grut skip fêst siet by de Verlaatsbrêge yn de Tesselschadestrjitte.

It skip wie ien fan de hotelskippen dy't yn it sintrum lei fanwege it VNG-kongres. It skip hat in dwers túch en dat bleau hingjen achter de brêge. It skip moast dêrom earst wer in stikje achterút. Dernei koe it toch troch de brêge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)