Bylsma Frjentsjer fallyt

09 jun 2010 - 10:49

Meubelfabryk Bylsma yn Frjentsjer is fallyt ferklearre. By it bedriuw wurken ûngefear 50 minsken. Yn oktober 2009 waard it bedriuw noch oernommen.

Der waarden yn Frjentsjer foaral eken designmeubels makke. Fierder levere it bedriuw ek meubilêr foar tsjerken. De stuollen en banken fan de frijmakke grifformearde tsjerke fan Harns bygelyks waarden nei de brân bygelyks levere troch Bylsma. Foarhinne wie der ek in festiging yn Bulgarije, mar dêr waard earder al ôfskied fan naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)