Plysje aktyf mei Twitter

Plysjeberjochten no ek op Twitter
De meldkeamer fan de plysje Fryslân brûkt fan tiisdei ôf it ynternetmedium twitter om minsken te ynformearjen oer û.o. stellen guod. Mei twitter kin de plysje fluch in grutte groep minsken ynformearje. It set berjochten op twitter oer stellen auto's, files en diken dy't ôfsletten binne troch ûngelokken of spookriders.
It ynformearret minsken ek oer fermissings en it opspoaren fan fertochten.