Wapene oerfal yn Oentsjerk

09 jun 2010 - 10:05
  • De flecht einige op de A7 yn de fangrail

Nei in wylde achterfolging troch Fryslân en Noard-Hollân hat de plysje tiisdeitenacht twa manlju oanhâlden dy't belutsen binne by in wapene oerfal op in winkel yn Oentsjerk.

Om in oere as healwei trijen waard de 44-jierrige eigner troch fjouwer wapene manlju oerfallen. De manlju easken jild en mishannelen de eigner. Doe't dy jild joech, naaiden de manlju út. Dêrby wiene meardere stellen auto's by belutsen. Fan de fjouwer fertochten binne twa noch net oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)