Marco Poldervaart yn finale

08 jun 2010 - 21:01
  • Bocuse d'Or is in belangrike priis op kulinêr gebiet

Topkok Marco Poldervaart fan Harns hat him pleatst foar de wrâldfinale fan de belangrike itensied-wedstriid Bocuse d'Or dy't yn jannewaris takom jier yn Lyon hâlden wurdt. De kok fan restaurant de Gastronoom helle tiisdei yn Geneve tegearre mei syn commis Jan Smink it tsiende plak en dat wie goed foar in plakje yn de finale.

De Bocuse d'Or wurdt om it jier hâlden en is in wrâldferneamde wedstriid dy't foar de winners in soad oansjen en publisiteit betsjut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)