Nije fertochten hasjboat-saak

Der binne tiisdei opnij trije fertochten oanhâlden yn de hasjboat-saak. It giet om trije manlju út Ede, Putten en Beverwyk, sy wurde fertocht fan it ynfieren fan hasj. De manlju soene yn maaie op de sylboat west hawwe, dy't sûnder bemanning fûn waard foar de kust by Schoorl. Op it skip waard 3200 kilo hasj fûn.
Yn maaie waard boppe Skylge ek in syljacht mei 3000 kilo hasj ûnderskept. De bemanningsleden fan dat jacht sitte ek allegear noch fêst.