Net folle Fryske oktroaien

08 jun 2010 - 11:51
  • Wetsus freget geregeld oktroaien oan

It tal úftinings dêr't oktroai op oanfrege wurdt, leit yn Noard-Nederlân hiel leech. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Keamer fan Keaphannel en it Oktroai agintskip. Yn totaal binne der fan 2003 oant 2007 yn it Noarden justjes mear as 900 oktroaien oanfrege.

Fan alle oktroaien yn Nederlân wurdt mar 2,6 prosint oanfrege út Noard-Nederlân. Yn de top tolve fan bedriuwen dy't dat hjir dogge, stean trije Fryske bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)