Ynfojûn oer NW-tangint

07 jun 2010 - 23:15

Goed sechtich ynwenners fan Menameradiel hawwe moandei yn Bitgummole in ynformaasjejûn oer it Noardwest Tangint bywenne, de nije dyk tusken Stiens en Marsum.

It nije gemeentebestjoer fan Menameradiel hat mei de provinsje in oanpassingsplan betocht foar de dyk wêrtroch dizze goedkeaper realisearre wurde kin. Fragen giene ûnder oare oer it leven fan de nije dyk en de ynpasberheid yn it lânskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)