Piet Gros wint Spinozapriis

Ald-Dokkumer Piet Gros
Ald-Dokkumer Piet Gros is ien fan de fjouwer winners fan de prestisjeuze Spinozapreemje. De Spinozapreemje is in priis foar Nederlânske topûndersikers, sy krije 2,5 miljoen euro om te besteegjen oan in ûndersyk. De Spinozapreemje is de heechste ûnderskieding yn de wittenskip.
Piet Gros is heechlearaar oan de Universiteit fan Utrecht. Hy hâldt him dêr dwaande mei biomakromolekulêre kristallografy.