Kosten ljochten foar Enexis

07 jun 2010 - 15:06

Enerzjybedriuw Enexis betellet de kosten foar de problemen mei de strjit-lampen yn Ljouwert. Troch in steuring giene yn de stêd 10.000 strjitlampen net mear automatysk oan en út.

By it grutste diel koe it probleem ferholpen wurde, mar by 1800 strjit-lampen moast mei de hân in tiidklok ynboud wurde. Dy soarget der no tydlik foar dat de ljochten jûns oan en moarns útgean. Yn july krijt Enexis apparatuer wêrmei't de strjitlampen wer automatysk regele wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)