Smárason nei Esbjerg

07 jun 2010 - 14:11
  • Arnór Smárason krijt it shirt fan Esbjerg

Arnór Smárason tekenet moandei in kontrakt dat him foar trije jier ferbynt oan Esbjerg fB. Smárason krige by SC Hearrenfean gjin nij kontrakt oanbean en mocht de klup transferfrij ferlitte.

Esbjerg einige it ôfrûne seizoen as fjirde yn 'e Deenske kompetysje. Op 'e lêste spyldei ferspile de ploech binnen in kertier in 3-0 foarsprong tsjin FC Nordsjaelland. Dêrtroch einige Brondby op it tredde plak en spilet Esbjerg gjin Europeesk fuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)