Kâns dat De Vries bliuwt grut

Marc de Vries
SC Cambuur ûnderhannelet al wiken mei topskoarder Mark de Vries oer in nij twajierrich kontrakt. In earste oanbieding waard troch De Vries net akseptearre. Cambuur hat de oanfaller it ôfrûne wykein in twadde, sterk ferbettere, oanbieding dien. Dat nei tefredenheid fan Mark de Vries: "Dit ziet er een stuk beter uit."
Ek as Mark de Vries by Cambuur bliuwt, giet de klup op syk nei in twadde spits, sa sei finansjeel direkteur Gerald van den Belt.