Drugshannelers oanholden

07 jun 2010 - 10:11

De plysje hat sneintenacht yn Hurdegaryp twa drugshannelers oanholden. It giet om in 27-jierrige man út Uitgeest en in 28-jierrige man út Beverwyk. Se waarden op de Ryksstrjitwei oan de kant set foar in kontrôle.

Beide mannen koene har net identifisearje. Yn de auto waard hasj fûn. De mannen binne fêstset en de auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)