Stellerij 170 skiep oplost

07 jun 2010 - 10:01

De plysje hat fjouwer manlju oanhâlden dy't fertocht wurde fan it stellen fan 170 skiep yn Fryslân en Drinte. It giet om twa 20-jierrige mannen út Tolbert, in man (21) út Norg en in man (24) út Appelskea. In man (43) út Mearum en in man (29) fan Appelskea binne oanhâlden fanwege heling.

De stellerij wie fan augustus ferline jier oant april dit jier yn Appelskea, Haulerwyk, Vledder en Veenhuzen. De plysje slút mear oanhâldings net út. In grut part fan 'e skiep waard slachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)