Wassenaars winne yn Dronryp

06 jun 2010 - 17:10
  • It winnende partoer (foto: Henk Bootsma)

De frije formaasjepartij yn Dronryp is wûn troch it partoer Chris en Jacob Wassenaar mei Marten Feenstra. Sy wiene yn de finale fierstente sterk foar Gert-Anne van der Bos, Herman Sprik en Johannes Boersma. It spul waard útmakke op 5-0 en 6-2.

De lytse preemje wie foar Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema. Chris Wassenaar waard útroppen ta kening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)