Huzeferkeap Boalsert giet goed

De ekonomyske krisis hat gjin effekt op de huzeferkeap yn Boalsert. Yn hiel de provinsje wurde nijbouprojekten stillein of mar foar de helte ôfmakke, mar by it projekt Hartwerdervaart binne al 80 fan de 125 wenten ferkocht. 38 wenten binne foar de ferhier en de oare wenten sitte yn in legere priisklasse.
De djoerdere kavels steane wol lang te keap. Foar boubedriuw Dijkstra Draisma komt de goeie ferkeap fan de wenten as in ferrassing.