Fryske kok klear foar striid

06 jun 2010 - 16:21

De Fryske topkok Marco Poldervaart fan Harns is hielendal klear om de striid oan te gean mei 23 oare topkoks út Europa. Yn Genève striidt hy tiisdei foar in plak yn de finale fan de wrâldferneamde itensiedwedstryd Bocuse d'Or. Hy moat by de earste tolve einigje om meidwaan te kinnen oan de einstriid fan de Bocuse d'Or yn Lyon .

Doel is om sa goed mooglike gerjochten te meitsjen yn in bepaalde tiid. Poldervaart hat help fan in pear assistinten en in coach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)