Fryske Keamerleden yn debat

Op it plak dêr't yn 2007 it kabinet Balkenende 4 ta stân kaam waard snein in radiodebat hâlden tusken fjouwer Fryske kandidaten foar de Twadde Keamerferkiezings.
Yn it koetshûs yn Beetstersweach giene de sittende Keamerleden Joop Atsma fan it CDA en Lutz Jacobi fan de PvdA yn debat mei de nijelingen Magda Berndsen fan D66 en Anne Wil Lucas fan de VVD. Dat barde fanachter de mikrofoans fan it Omrop Fryslân-programma Buro de Vries.