Mariska Kramer wint maraton

Mariska Kramer
By de froulju hat Mariska Kramer de maraton fan Ljouwert wûn. Se wie fierwei de bêste yn in tiid fan 2.48,07. Kramer rûn koartlyn yn febrewaris noch in maraton yn it Amerikaanske Jacksonville en rûn dêr in persoanlik rekôr fan 2.44,29.
Op in grutte efterstân fan de Drachtster, waard Yvonne Kassenberg fan Burgum twadde. Kassenberg die dat yn in tiid fan 3.10,22.