Fiif brannen yn Wolvegea

06 jun 2010 - 13:31

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei fiif brannen yn Wolvegea sneontenacht. Om ien oere kaam de earste melding fan in brân yn in skuorre oan de Harenstraat. Der stie in ôffalkontener yn de brân. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei in wenning.

Dêrnei kamen der koart achter elkoar meldingen fan brannen yn meardere hagen by huzen. De brânwacht hie de brantsjes al gau út. De plysje giet út fan brânstifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)