Dûmny krijt homopriis

Ulbe Tjalingii
Dûmny Ulbe Tjallingii hat sneon yn Ljouwert it Rôze Pompeblêd krigen. Dat is de Fryske homo-emansipaasjepriis. Tjallingii krijt him foar it sichtber wêzen fan syn homoseksualiteit as predikant.
Hy hat jierrenlang foarsitter west fan de wurkgroep Geloof en Homoseksualiteit, dêr't er no sekretaris fan is. Ek is er mei-oprjochter fan it homo-platfoarm Fryslân, in gearwurkingsferbân fan homo-emansipaasje organisaasjes.