Strange regels Oranjefeesten

06 jun 2010 - 10:46

De gemeente Ljouwert hat strange regels opsteld foar Oranjefeesten mei it kommende WK fuotbal. Fersieringen moatte brânfeilich wêze en flachjes boppe de iepenbiere dyk moatte op syn minst op 4,2 meter hichte hingje sadat de strjitte berikber bliuwt foar de helptsjinsten en de reinigingstsjinst.

Fierder moatte brânkranen yn de wiken frij holden wurde. Fuotbalfeesten moatte in heal oere nei ôfrîn ophâlde en troep op strjitte moat fuortendalik opromme wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)