Oaljetanks moatte fuort

06 jun 2010 - 09:37

De gemeente Tytsjerksteradiel stelt hast in ton beskikber om âlde oaljetanks út de grûn te heljen. It giet om 70 tanks. Eigners dy't dizze opromje wolle, kinne tenei in bydrage fan de gemeente krije. By eardere aksjes binne net alle tanks út de grûn helle. Ek binne der yn it ferline flaters makke, wêrtroch der gjin sertifikaat ôfjûn is. De gemeente wol graach dat eigners de tanks út de grûn helje om't dy oars de grûn fersmoargje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)