Seizoenrekôr Bart Helmholt

06 jun 2010 - 00:04

Fierljepper Bart Helmholt is de earste Fries dy't dit seizoen oer de 20 meter ljept hat. Op de renovearre akkommodaasje fan Drylts kaam de Burgumer yn de finale ta 20.19 meter. Hannes Scherjon waard twadde mei 19.48 en Thewis Hobma tredde mei 19.43.

By de jonges pakte Gregor Boelens fan Baaium mei 16.77 syn seisde titel op rige. Hiske Galama wûn by de froulju mei 14.80 en Hans Ulco de Boer wie mei 17.48 de bêste junior.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)