Elma de Vries skeelerkampioen

05 jun 2010 - 22:10
  • Elma de Vries (foto: KNSB)

Elma de Vries is sneon yn Rijssen foar de sechsde kear yn har karriêre Nederlânsk kampioen inline-skaten op de maraton wurden. Elma hie troch in blessuere noch mar amper op skeelers stien, mar siet yn de twadde omloop wol yn de kopgroep fan seis froulju.

Dy kopgroep waard net wer ynhelle en doe koe de âld-Haulster yn de einsprint taslaan. Anniek ter Haar fan Grins waard twadde, Margo van de Merve fan Wolvegea tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)