Snits Wyt Swart nei finale

05 jun 2010 - 20:38
  • Foto: Jan Douwe Gorter

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat him pleatst foar de lânlike bekerfinale foar amateurs. Yn de heale wûnen de Snitsers mei 2-1 fan HSC '21 út Haaksbergen. Nei in minne earste helte, barste de wedstriid nei in oere los. Sido Grin sette Snits op 1-0. In kertier foar tiid waard it 1-1. It waard yn de einfaze in dûbeltsje op 'e kant. Yn blessueretiid skoarde ynfaller Kassim Bizimana de winnende.

Tsjinstânner yn de finale is it Brabânske Dongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)