Winst foar Lisette Wagenaar cs

05 jun 2010 - 18:04

Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot wiene op de Waterpoortpartij yn Snits wer it sterkste partoer. Yn de finale rûnen se fan in 3-1 efterstân út nei de winst.

De preemje yn Snits wie foar Géjanna Dijkstra, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Maaike Wind, Sjoukje Visser en Afke Hijlkema wûnen de lytse preemje. Lisette Wagenaar waard keninginne yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)