Hiemstra kening yn Snits

Blauwe kaart foar Jacob Wassenaar (argyffoto)
Renze Pieter Hiemstra is sneon kening wurden yn de Waterpoortpartij yn Snits. Mei Rudmer van der Meer en Pier Piersma wie hy op dizze útnoegingspartij de sterkste. Yn de finale waard mei 5-2 en 6-2 wûn fan Jan Dirk de Groot, Jacob Wassenaar en Johannes Boersma.
Wassenaar krige in blauwe kaart fan skiedsrjochter Van der Veen fanwege it fuortraapjen fan in prop. Dy blauwe kaart sil nei alle gedachten liede ta in skorsing fan Wassenaar.