Harns hat wer eigen skûtsje

Nei tsientallen jierren hat Harns wer in skûtsje. It hat de namme "de Stad Harlingen". It giet om in 100 jier âld skûtsje dat boud is yn Koatstertille. Neidat 5 broers it yn besit hiene, is it letter yn Amsterdam in wenboat wurden.
2,5 jier lyn is de boat kocht troch Jacob Flikkema en Sikke Tichelaar. Dy lêste is ek de nije skipper. It skûtsje is flink ferboud en is no wer as nij. Sneon waard it skûtsje doopt troch de frou fan de boargemaster.