Sosjaal pension giet troch

05 jun 2010 - 13:48

De gemeente Ljouwert wol it sosjaal pension oan de Hoekstersingel trochsette. It pension is in opfanghûs fan de ynstelling Zienn foar minsken dy't ûnder begelieding wenje moatte. Yn maart is de buert op de hichte steld. Der wie doe ek krityk op de komst fan it pension. Mar de gemeente sjocht allinnich mar foardielen oan it plak.

It pension soe yn 2011 klear wêze moatte. Der komme 24 apparteminten yn it leechsteande eardere kantoarpân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)