KINIKEK-festival op It Fean

Fanwege grut sukses is der dit jier foar de twadde kear it KINIKEK festival yn de gemeente Hearrenfean. KINIKEK is in festival foar amateur keunstners. Elkenien út de regio dy't wat bysûnders kin, mei dat sjen litte. It wurdt organisearre troch de ferskillende kulturele ynstellings fan de gemeente.
Oant sneon 12 juny kinne minsken har njoggen dagen lang op ferskillende lokaasjes fermeitsje mei saken as muzyk, toaniel, dûns en fotografy.