Brân op eilân
Op in eilân yn de Swarte Brekken by Jutryp is freedtemiddei sa'n 4 hektare natuer troch brân ferlern gien. Neffens tsjûgen wiene der bern oan it boartsjen op it eilân. Nei't dy mei in boatsje fuort gien wiene, wie der al gau reek te sjen.
Troch de droechte en de wyn koe it fjoer him gau ferspriede. De brânwacht Snits hat it fjoer blust.