Kooyenga wol eigen bank

04 jun 2010 - 15:11

De Dokkumer súksesfolle ûndernimmer Romke Kooyenga wol in eigen bank oprjochtsje. Dy soe him benammen rjochtsje moatte op minsken dy't it lêste stikje hypoteek net foarinoar krije by in oare bank. Kooyenga wol dy hypoteken mei eigen jild finansiere. Hy sjocht de aktiviteit as in logyske oanfulling op it totale oanbod fan 'e Kooyengagroep.

De Kooyengagroep waard earder fan 'e wike al útwreide mei in eigen akkountantskantoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)