Rjochter ynspektearret Reaklif

04 jun 2010 - 12:59

De rjochtbank bûcht him freedtemiddei oer in skeel tusken de Stifting Slach by Warns en de eigner fan in fakânsjehûs op it Reaklif by Warns. It konflikt spilet al langer tiid. It giet oer in stik grûn. De stichting hâldt alle jierren de Warnsbetinking en seit dat de buorman it stik grûn ynpikt hat.

As tarieding op 'e rjochtsaak kaam de rjochter freedtemoarn nei it Reaklif. Hy woe mei eigen eagen sjen hoe't de situaasje derhinne leit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)