De Roos stapt op by NDC/VBK

04 jun 2010 - 12:52

Foarsitter Jan de Roos fan 'e ried fan bestjoer fan 'e NDC/VBK stapt op. De organisaasje jout de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden út. De Roos wol de lieding oerdrage oan in oar, yn goed oerlis mei de ried van bestjoer, de kommissarissen en de oandielhâlders fan it bedriuw.

De Roos wie de ôfrûne alve jier algemien direkteur en foarsitter fan de ried fan bestjoer fan 'e Noardlike Dagblad Combinatie. Syn opfolger en syn nije funksje is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)