Azc Appelskea giet ticht

04 jun 2010 - 12:13
  • Foto: Omrop Fryslân

It asylsikerssintrum yn Appelskea giet yn septimber definityf ticht. It kontrakt mei de gemeente Eaststellingwerf rint dan ôf. Troch de sluting moatte alle fiifhûndert bewenners ferhúzje nei in oar plak.

Yn it azc Appelskea sitte benammen minsken dy't wachtsje op berjocht oft se bliuwe meie of dy't al in ferbliuwsfergunning hawwe. Dy lêsten krije nei alle gedachten in eigen hûs. De rest ferhuzet nei in oar azc. Foar 17 septimber moat alles klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)