Ewald hâldt op mei turnjen

04 jun 2010 - 10:37
  • Marrit Ewald (foto: Martin de Jong)

Turnster Marrit Ewald hâldt op mei turnjen. Se kin it net mear opbringe om nei safolle tsjinslagen noch alle dagen te trainen. De 18-jierrige Ljouwerter wie Nederlânsk kampioen by de junioaren en hat meidien oan EK's en WK's.

Lichelle Wong fan turnsintrum Hearrenfean hâldt ek op. De regearjend Nederlânsk kampioen kin har stúdzje net mear kombinearje mei it turnjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)