Brân stichte yn skoalle

04 jun 2010 - 09:56

Trije jonges út 'e Stellingwerven binne oanhâlden foar brânstifting op in skoalle yn Easterwâlde. De jonges binne 16 jier en komme út Nijeberkeap, Appelskea en Easterwâlde.

De haadfertochte út Nijeberkeap sit noch fêst. Hy waard tiisdei oppakt nei't de plysje in ûndersyk begûn wie. De jonge hat bekend. Hy wie lilk en woe in die stelle, sei er tsjin de plysje. De twa oare jonges binne nei ferhear frijlitten. De húskes fan 'e skoalle binne útbaarnd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)