Stadion De Bosk op De Harkema

Harkemase Boys wol in stadiontsje meitsje fan harren kompleks. Troch it bouwen fan in tredde tribune, moat sportkompleks De Bosk mear op in stadion lykje. It terrein hat no romte foar 5500 taskôgers, mar dat wurdt útwreide nei 7500 plakken.
It kompleks bestiet foar it grutste part út steantribunes. Harkemase Boys spilet kommend seizoen yn de nije topklasse, in kompetysje tusken de haadklasse en de earste divyzje.