Ynnovaasjepriis foar Antonius

It Antoniussikehûs yn Snits hat de lanlike Innovatie Award 2010 wûn. Op it nasjonale Farma Congress foar apotekers kamen se as bêste út de bus. It sikehûs krijt de priis foar nije software, betocht troch meiwurkers.
Mei help fan de software kin foarkommen wurde dat de mage fan pasjinten oantaast wurdt troch it gebrûk fan medisinen. De sjuery wie benammen te sprekken oer it Snitser sikehûs, omdat dit projekt fuort útkomsten opsmyt foar de pasjint.