Kwaliteit Montessori better

It VWO fan it Piter Jelles Montessori yn Ljouwert is gjin tige swakke skoalle mear. De ûnderwiisynspeksje konkludearret dat de maatregels fan 'e skoalle fertuten dien hawwe...
De skoalle krige ferline jier in min rapport fan 'e ûnderwiisynspeksje. Dêryn stie ûnder oare dat de kwaliteit fan it ûnderwiis omheech moast. Boppedat wie it nivo fan de learlingen yn de fakken Ingelsk, wiskunde, Nederlânsk, ekonomy en Frânsk te leech.