Soargen om djippe sleat

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Boelensloane meitsje harren grutte soargen oer in sleat by de iepenbiere basisskoalle yn it doarp. De sleat is sûnt er yn april fernijd is, folle djipper wurden. Bern dy't deryn falle, kinne der sels net mear út komme.
De skoalle en de heiten en memmen komme no yn aksje. It berjocht dat se mei in hantekenaksje komme soene, hat derta laat dat twa amtners fan de gemeente tongersdei al efkes kamen om te sjen.