Fytsalvestêderûte opknapt

03 jun 2010 - 17:45

De rûte fan 'e Fytsalvestêdetocht krijt in grutte opknapbeurt. De âlde rûte wurdt sa feroare dat de fytspaden oanslute by it fytsknooppuntnetwerk yn de provinsje. Fytsers hawwe dan de mooglikheid njonken de haadrûte alternative rûntsjes te meitsjen om dêrnei de offisjele tocht wer te folgjen.

De âlde ANWB-buorden oan 'e rûte wurde ferfongen troch 750 nagelnije buorden. It wurk moat ein juny klear wêze. De nije fytsrûte is dan 254 km lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)