Ferlies foar It Fryske Gea

It Fryske Gea hat it jier 2009 ôfsletten mei in ferlies fan 447.000 euro. Dat komt benammen troch finansjele ôffallers by De Wiidpleats yn Earnewâld. De bou fan it kombinearre lânboumuseum en besikerssintrum koste 5,3 miljoen euro, folle mear dan begrutte wie.
De natoerorganisaasje hie al rekken hâlden mei tsjinfallers. Der wie 212.000 euro reservearre. De rest komt út 'e reserves.