Plan brede skoalle De Jouwer

Foto: Omrop Fryslân
Der komt in nije brede skoalle oan de Julianaleane op De Jouwer. Dat wolle alteast boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân. Se hawwe al in plan klear te lizzen. De nije skoalle komt op it plak fan 'e kristlike Borgerskoalle.
Yn 'e nije brede skoalle is ek plak foar de muzykskoalle, de berne-opfang, jeugdwurk en de buertferiening. It moat mei-inoar 8 miljoen euro kostje. De gemeenteried fan Skarsterlân beslút ein dizze moanne oer it plan.