Aksje foar nije learlingen

03 jun 2010 - 15:56

Iepenbiere basisskoalle Op 'e Feanhoop wol in reklamekampanje ekstra bern lûke. Foar oktober moat de skoalle ien learling derby ha, oars driget sluting fan de iennige skoalle op De Feanhoop. Foar de aksje binne reklameposters ophongen. De posters hingje yn doarpen yn 'e omkriten, by ûnder oare sportferienings en restaurants.

De rêst en de goede begelieding op de lytse basisskoalle moat de âlders oer de streek lûke harren bern op de skoalle te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)