Seisbierrum: tsjerkebyld werom

03 jun 2010 - 15:37

De Sixtustsjerke yn Seisbierrum hat in sânstiennen byld út de 14de ieu weromkrigen. It midsieuske hilligebyld stie op in koarstek dat mei de byldestoarm fernield rekke. It byld hat gjin holle mear. It is yn 1960 weromfûn yn in tún by de tsjerke.

De eigner fan it byld hat it no weromjûn oan 'e tsjerke. It byld is op in sokkel yn de muorre delset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)