Hurde oanpak strjitracers

03 jun 2010 - 15:33

Automobilisten dy't de strjitte brûke as racebaan, wurde tenei hurd oanpakt. Te rap ride is libbensgefaarlik, sa die woansdei bliken yn Ljouwert. Op 'e krusing Snekertrekwei-Marshallwei waard in frou skept. Se leit swierferwûne yn it sikehûs.

It Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens en in wurkgroep bringe op 't heden tsientallen strjitracers yn kaart. Dy krije in útnoeging foar it sirkwy fan Zandvoort. Dêr kinne se sjen wat de gefolgen fan hurd jeien binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)